Warkum bliid mei nijboud sportkompleks en swimbad de Nije Rolpeal

21 aug 2019 - 10:58

Sûnt in pear wiken is der wer in soad drokte yn sportkompleks de Rolpeal yn Warkum, of better sein: de Nije Rolpeal. Der hat in soad te dwaan west om de sporthal en it swimbad, it soe sels sletten wurde. Mar no is der in gloednije Rolpeal, neist de âlde.

Manager Esther van Tuinen is tige wiis mei de Nije Rolpeal. "Ik loop hier al een tijdje rond, sinds augustus zijn we los met de vrijwilligers en ik vind het een heel fijn gebouw," seit sy.

Protest

Om 2012 hinne wie der noch folle om te dwaan. "Ze hebben gewoon keihard geknokt met z'n allen om ervoor te zorgen dat er een zwembad zou blijven. Ik weet dat er protesten waren bij het gemeentehuis in IJlst. Kinderen en volwassenen hebben toen in zwemkleding, met zwembroeken, zwemvliezen en snorkels, aangegeven dat ze wilden dat het behouden bleef."

Frijwilligers

En dat is slagge. "Het is gelukt omdat er een bestuur gevormd kon geworden en men het voor elkaar kon krijgen dat het gebouw hoofdzakelijk met een vrijwilligersorganisatie draaien kan. Er zijn rond de 200 vrijwilligers, die zich in gaan zetten voor receptie, beheer en horeca."

De Nije Rolpeal yn Warkum - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Neffens Van Tuinen soene in soad ferienings oars ophâlde yn de stêd. "Workum is heel actief op het gebied van sport, zowel indoor als outdoor. Kaatsen, badminton, gymnastiek, volleybal, voetbal, jazzballet en een zwemvereniging. Daarom is iedereen blij dat het los kan gaan in 2019-2020."

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei manager Esther van Tuinen

Koördinator Carla Kemker jout oan dat der no in seisbaans swimbad is. Dêr sit ek in baan tusken en der is in beweechbere boaiem, sa't meardere doelgroepen yn it swimbad terjochte kinne. Der kin in wetterpolowedstriid holden wurde, mar der is ek in bernebad mooglik.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld en koördinator Carla Kemker

(Advertinsje)
(Advertinsje)