Utferkocht dancefestival 'Eilân' ferdielt Skylge

21 aug 2019 - 12:46

It dancefestival Eilân hâldt de bewenners fan Skylge yn de besnijing. It evenemint fan meardere dagen fynt plak fan 12 oant 16 septimber by it dúnmarke fan Hee. Hoewol't der yntusken in fergunning foar ôfjûn is, binne guon eilanners der poer op tsjin. Sy besykje fia de rjochter it festival, dêr't alle 5.500 kaarten foar ferkocht binne, te kearen.

It ferset komt foar it grutste part fan Stichting Ons Schelligerland (SOS). De stichting fynt it marke fan Hee gjin goed plak foar in dancefestival, skriuwt SOS oan boargemaster en wethâlders: "Terschelling is een eiland van rust en ruimte. SOS, daarbij gesteund door haar donateurs, stelt dat het eiland verwordt tot een evenementencircus waarbij gasten slechts korte tijd verblijven maar wel blijvende ecologische 'footprints' achterlaten."

Der wurdt in soad leven makke en der wurde in soad drugs brûkt, sa skriuwe sy. Boppedat hat SOS soargen oer de iepenbiere oarder, feiligens en sûnenssoarch. "Op welke wijze is zorg gedragen voor voldoende medische opvang?"

Organisator Moes yn diskusje mei it bestjoer fan de SOS - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De organisaasje kin him net fine yn de krityk fan SOS. "Ze gaan te ver. Hun kritiek is gebaseerd op aannames en meningen die niet op de werkelijkheid gebaseerd zijn," seit Gerrit-Jan Moes fan Eilân.

Hy fynt it spitich dat it evenemint safolle losmakket. "Er ontstaat nu een negatief beeld van het festival, het krijgt nu een verkeerde lading terwijl er heel veel eilanders zijn die het geweldig vinden." De Skylgers meie fergees nei it dancefestival, dat yn twa dagen útferkocht wie.

Wachtsje op omjouwingsfergunning

Der is in evenemintefergunning ôfjûn, mar it is noch wol wachtsjen op in omjouwingsfergunning. It festival soe dêrom noch tsjinholden wurde kinne. "In mijn achterhoofd houd ik daar wel rekening mee. De vergunning duurt langer dan gedacht, dat is spannend. Maar we praten al drie jaar en we gaan er vanuit dat het goed gaat, alles is desondanks in productie."

Moes jout oan rekken te hâlden mei de 18+ grins en de ekstra maatregels tsjin drugs. "Het is niet zo dat dit festival drugs stimuleert, maar helaas is het iets van deze tijd. Het is een van de zorgen, maar we tackelen het met extra beveiliging en EHBO."

Gerrit-Jan Moes fan de organisaasje fan Eilân

Boargemaster Wassink

Boargemaster en wethâlders hawwe de beswieren fan SOS besjoen, mar boargemaster Bert Wassink hat dochs in evenemintefergunning ôfjûn. "Uiteraard wel met een aantal voorwaarden waaraan de organisatie zich moet houden." Sa stiet yn de fergunning dat der minstens 30 befeiligers omrinne moatte op it terrein, dat de bands om tolve oere nachts ophâlde moatte en dat der in strange kontrôle op drugs plakfine moat.

Boppedat meie besikers ûnder de 18 jier net nei binnen. Neffens Wassink is der nei alles sjoen en kin wat him oanbelanget it festival gewoan trochgean. "Bovendien ziet Staatsbosbeheer, die eigenaar is van de grond, en ook de provincie na uitgebreid ecologisch onderzoek geen bezwaren."

Wol fynt Wassink it spitich dat it festival it eilân ferdielt. "Ik beleef er geen plezier aan dat er zoveel weerstand is."

Boargemaster Bert Wassink fynt dat it festival gewoan trochgean mei

It dúnmarke by Hee - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Foarsitter Henk Hees fan Stichting Ons Schellingerland (SOS)

(Advertinsje)
(Advertinsje)