Dylan Drent en Johannes van der Veen sette it keatsbûn foar it blok

Haadklassekeatsers Dylan Drent en Johannes van der Veen hawwe it keatsbûn tiisdeitejûn foar it blok setten. Sy stiene net op de list yn Bitgum omdat de lottersploech fan de KNKB der fanút gien wie dat sy tydlik skorst binne troch de strafkommisje. Der kaam in nije lotting. Mar de twa keatsers giene jûns let yn berop en dat hâldt yn dat de skorsing ek útsteld wurdt. Sy meie dus wol keatse yn Bitgum, mar it bliuwt de fraach oft dizze proseduere wol korrekt is.
Dylan Drent © Omrop Fryslân, Geart van Tuinen
Beide keatsers soene foar it kommende wykein skorst wêze, nei't se op 6 july meidien hawwe oan de 'wylde' partij fan it Horeca Straatkaatsen yn Ljouwert, wylst der op deselde dei in partij foar haadklassers wie yn Easterein. De strafkommisje hat beide keatsers in skorsing oplein fan twa partijen. Dy skorsing soe jilde foar it kommende wykein.
Mar Drent en Van der Veen binne yn berop gien tsjin de útspraak fan de strafkommisje en dat betsjut dat de skorsing ek útsteld wurdt. De beropskommisje moat no earst útspraak dwaan. Drent en Van der Veen meie dus it kommende wykein keatse yn Bitgum.

Berop oantekene

Der ûntstie tiisdeitejûn in bysûndere sitewaasje. Drent en Van der Veen koene oant tolve oere nachts noch berop oantekenje. Mar de lotting foar alle KNKB partijen fynt op tiisdeitejûn om sân oere plak. Op dat stuit wie der fan beide keatsers noch net in beropsskrift binnen en doe is der besletten beide keatsers net mei te nimmen yn de lotting. In te betiid beslút, sa die letter op de jûn bliken.
Letter op de jûn kaam fan beide keatsers nammentlik it beropsskrift binnen by de KNKB en doe stie it keatsbûn foar it blok. Mei it yn berop gean wurdt de straf útsteld en binne der dus ferkearde nammen op de ferskate listen kaam.

Op 'e nij lotte

Woansdeitemoarn ier en betiid is der doe op it bûnsburo fan de KNKB op 'e nij lotte. No steane Drent en Van der Veen wol op de list. En dat betsjut dan wer dat de ferfangers, Gerrit Jan Duiven en Pieter Jan Leijenaar, 'degradearje' nei de earste klasse partij yn Achlum. Beide keatsers hawwe teloarsteld reagearre, mar sille lykwols wol yn Achlum keatse.

Is de lotting korrekt?

Duiven en Leijenaar binne net bliid mei de gong fan saken en dat jildt ek foar guon keatsers dy't foar sneon yn in moai partoer lotte wiene. Dy hawwe nei de nije lotting wer oare maten krigen. De KNKB koe lykwols net oars as in nije lotting organisearje, want Drent en Van der Veen hawwe neffens de regels hannele en binne (krekt) op tiid yn berop gien.
It bliuwt wol de fraach oft dizze nije lotting korrekt is. In lotting heart iepenbier te wêzen, mar fan dizze nije lotting wie nimmen op de hichte.