Ljouwerter betrape op stellen flesse dropshot en in caramelcake

21 aug 2019 - 08:59

De plysje fan Ljouwert hat tiisdei op de Wurdumerdyk in persoan út Ljouwert betrape op it stellen fan in flesse dropshot en in caramelcake út in winkel wei. De persoan is troch de plysje oanholden.

De Wurdumerdyk - Foto: Google Street View

It barde om 21.50 oere. It die fierder bliken dat de persoan út Ljouwert noch ûnder skorsende betingsten rûn. Hy is foar fierder ûndersyk ynsletten.

(advertinsje)
(advertinsje)