Kollum: "Smellingerlân"

"De earste tweintich jier fan myn libben haw ik wenne yn Drachten. As sy of wy it letter hiene oer earne wenjen, dan neamde in oar faak syn of har hikke of tein plak. Mar ik sei nea ik wol nei Drachten werom. Ik hie der gjin langstme nei. Drachten wie hielendal net ferkeard, mar der waard nea in fonkje oanstutsen.
© Omrop Fryslân
De Toan Fan Eelke Lok
Jieren letter haw ik dêr yn De Lawei nochris in diskusje laat oer hoe't je Drachten oantrekliker meitsje koene. Immen sei doe 'doch de kroegen hjir sneins ris iepen, dan komme de minsken wol.' De seal gniisde him stikken, mar boargemaster Middel wie lilk op my, wy hiene inkeld hosanna blaze moatten oer Drachten. Doe waard ik ek balstjurrich en andere dat as der gjin hosanna is, kinne je it ek net blaze. It is nea wer goedkaam tusken ús.
Dochs bin ik de lêste dagen grutsk op Drachten. Wat, eltsenien dy't ik kin wiis ik op de dieden fan de gemeenteried fan Smellingerlân. Want dat is Drachten. Ja, dat is wat yngewikkeld, mar Smellingerlân is de gemeente en Drachten it haadplak dêrfan. Wêrom as it wol de gemeenten Ljouwert, It Hearenfean en Snits binne, mar net Drachten, leit yn it fiere ferline.
Smelle Ie, dat wie it haadplak fan de gritenij. Dêr stie in kleaster. En fan dat Smelle kaam Smellingerlân. It wie net mear as sompe, hear. De mûntsen fan Smelle Ie hawwe sels noch de Mjoksgroppe, de Monninksgreppel tusken de Wide en Smelle Ie, groeven. Mar yn 1625 wiene sy dêr wol klear mei. Doe waard Smelle Ie harren te smel.
Yn dy tiid kaam oan de oare kant fan it wetter it grifformearde Aldegea op. Dat bleau oant 1816 baas fan de gritenij. Doe waachste ynienen De Pein wat, dus dat wie hiel efkes haadplak. Mar yntusken wiene de beide lytse mienskipkes boppe en ûnder de Drachtster Kompanjonsfeart wat yn ûntwikkeling kaam. Dy leine geunstich. Noarder Dragten en Suder Dragten, mei in g doe noch, groeiden nei inoar ta. Doe hawwe sy yn 1826 it gemeentehûs dêr oan de feart setten en sa waard Drachten berne. Haadplak fan Smeliesterlân.
Yn 1950 kaam Philips dêr en yn de 60- en 70'er jierren waard Drachten útboud ta it twadde plak fan Fryslân. It woe yn sân hasten eins wol 50.000 ynwenners hawwe. It woe it haadplak wurde fan as de trije noardlike provinsjes fusearje soene. Sa ûntstie de aksje 'Smallingerland, zeg maar Drachten.' Drachten moast it biedwurd wurde. Doe hawwe se sels noch besocht de gemeentenamme yn Drachten te feroarjen, mar dat hawwe wat âlde histoarisy tsjinhâlden. Dy fûnen dat se dêr net ferjitte mochten dat se ûntstien binne tanksij de mûntsen fan Smelle Ie. En dêr wenje no de rikere minsken fan Drachten oan ta of yn.
Gemeentes lykas Smellingerlân, sis mar Drachten, sitte te prutsen mei allerhanne fergunningen fan gasboarringen. Dy hawwe yn Grinslân al soarge foar in totale fersakking. Mar der is ek noch de regearing dy't fansels soargje moat dat der genôch jild yn it laadsje leit en dat wie altyd in soad gasjild. Dy gemeenten roppe sa no en dan wat, mar it is samar wer stil. Smellingelân hat it no oars dien. It hat it gewoan formeel ûnmooglik makke om yn harren grûn om te dollen. De bestimming fan bestimmingsplannen feroare. Dat sy dêrmei ek it ferhaal oer de termyske waarmte fuortsmiten hawwe, wit noch net ien, mar dat hinderet neat. Smellingerlân hat net wat sein, it hat wat dien. Dêr bin ik grutsk op.
Fansels ferlieze sy it op de ein fan Wiebes en trawanten. Mar miskien is yn de tuskentiid it besef yn it hiele lân kaam, dat je miskien dochs wol foarsichtich wêze moatte om rûnom yn de grûn te boarjen. De wize werop't Smellingerlân it dien hat smyt yn elts gefal formele diskusje op, inkeld wat roppe jout neat. Wiebes fynt dat ek en hat net de leie yn hannen naam, mar it oerlitten oan de Ried fan Steat. Want dan hoecht hy net yn eltse gemeente nije diskusje te fieren, as oaren gemeenten it stokje fan Smellingerlân oernimme.
Myn Smellingerlân. It is net mear smel. It is grut. Ik bin grutsk. Mar nee, ik gean net werom."