Eric Lansu rydt yn rolstoel fan Ljouwert nei Antwerpen foar goed doel

Earder folbrocht Eric Lansu al de kuier-Alvestêdetocht yn syn rolstoel om sjen te litten dat minsken mei in beheining, mei de goeie helpmiddels, gewoan meidwaan kinne oan soksoarte tochten. No wol hy in tocht fan Ljouwert nei Antwerpen dwaan, fan sa'n 500 kilometer. Mei it selde doel, mar ek om jild op te heljen foar syn eigen stichting, Friesland Beweegt.
© Friesland Beweegt
Lansu wie de earste persoan dy't de Alvestêdetocht yn in rolstoel folbrocht. "De voorzitter kwam naar me toen en zei: Eric, wil je het niet proberen. Het viel eigenlijk mee, er waren maar een paar stukjes die lastiger waren. Er waren mensen die zeiden: 'Goh, dat je dat in een rolstoel doet.' Maar dan zei ik: 'Ik zie zelfs mensen die het in wandelschoenen doen.' Of het nu een rolstoel, wandelschoen of prothese is, het maakt niet uit."

Utdaging te pakken

It hie lykwols wol yndruk makke. "Dan heb je het idee van een uitdaging te pakken. En dan moet de uitdaging ook wel steeds groter worden," seit Lansu. Dêrom no fan Ljouwert nei Antwerpen. "Ik doe ongeveer 60 kilometer per dag en zal zo'n 8 dagen onderweg zijn," leit Lansu út. "Dag en nacht doorhollen, dat is niet mogelijk."

Friesland Beweegt

It giet derom sjen te litten dan minsken mei in beheining soks ek dwaan kinne, mar hy sammelet dus ek jild yn foar Friesland Beweegt. "Dat draait om werkervaringsplaatsen voor mensen met afstand tot de arbeidsmarkt, vaak met een handicap. Er worden evenementen in Friesland georganiseerd, iedereen die het leuk vindt om er aan mee te doen is welkom. Het maakt niet uit of je wel of niet wat mankeert."
"Alle beetjes helpen," seit Lansu. Der is lykwols in spesjaal doel foar dizze tocht. "Op het kantoor in Leeuwarden is geen rolstoelgeschikt toilet. Die zal zo'n 3.000 euro kosten."
Op 8 september set Lansu útein, hy rydt dan fan Ljouwert nei De Jouwer. Syn tocht is neist by Omrop Fryslân ek te folgjen op de webside fan Lansu.
Eric Lansu oer syn lange tocht fan Ljouwert nei Antwerpen