Studinten dûke mei nei it 18e-iuwske skipswrak by Starum

21 aug 2019 - 07:17

De Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed is úteinset mei in grut ûnderwetterûndersyk nei it wrak fan de Stavoren 18, in skip út de 18e iuw dat yn de Iselmar krekt bûten Starum leit. It ûndersyk duorret tsien dagen. Bysûnder is dat net allinne profesjonele dûkers meidogge, mar dat ek studinten archeology it wrak besjen kinne.

Frijwilligers fan de Landelijke Werkgroep Archeologie Onder Water ûntdutsen it skip yn 1999. Sa no en dan wurdt der dûkt op it plak dêr't it skip leit. "Sa is der ek in leppel út 1751 nei boppe kaam," leit ferslachjouwer Wytse Vellinga út. "Dat seit wat oer hoe âld it skip is."

Hoe is it skip deroan ta?

"Men is benammen benijd hoe't it skip deroan ta is. Dat is dreech te sjen, om't it yn ûndjip wetter leit en troch de streaming fan de Iselmar is it lestich op de foto te setten. Derom binne der neist amateurdûkers ek profesjonele dûkers oanwêzich om te sjen hoe grut it skip is," seit Vellinga.

Underwetterarcheology

Foar de studinten dy't wol meidogge, jilde der strange regels. "Der binne strange easken om mei te dwaan oan ûnderwetterarcheology. Mar dit is wol in kâns om minsken ris nei in echt wrak dûke te litten, fansels wol ûnder begelieding. Mar de omstannichheden binne net gefaarlik. Der is wol streaming, mar ek wer net safolle dat men meinaam wurdt."

It skip bliuwt lykwols ûnder wetter lizzen. "Sy sille sjen oft der ûnder wetter in beskerming oer it skip hinne brocht wurde kin. Der wurdt sjoen hoe't it derhinne leit, en dan wurdt it wer rêstich efterlitten."

It wrak fan in earder skip, de Stavoren 18 - Foto: Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed

Ferslachjouwer Wytse Vellinga oer it wrak fan Stavoren 18

Trefwurden: 
Iselmar wrak Stavoren 18 dûke
(Advertinsje)
(Advertinsje)