Amber Snip spile seis wiken mei yn in Amerikaanske marching band

21 aug 2019 - 07:02

Sy is krekt wer werom, de 20-jierrige Amber Snip fan Surhústerfean hat seis wiken lang troch Amearika lutsen mei de marching band Heat Wave. Sy die der mei oan wedstriden, dy't yn lytse stadions spile waarden. "Ik haw yn dy wiken miskien trije of fjouwer frije dagen hân. Om sân oere gie de wekker en om alve oere leine wy wer op bêd. Dêrtusken stiene wy de hiele tiid op it fjild te trainen." Dochs soe Amber it sa wer dwaan.

Amber Snip spyljend yn de marching band Heat Wave - Foto: Amber Snip

It begûn allegearre mei in oprop op Instagram. Dêr folge Amber de marching band Heat Wave en sy seach dat de band in baritonspiler nedich hie. Amber Snip: "Ik spylje sels eins in oar ynstrumint, mar ik kin de bariton ek wol spylje. Dus ik probearre it gewoan!"

Sy stjoerde in filmke op en koe eins gelyk nei Florida fleane. Underfining yn it marsjearjen hie sy net, mar dat koe sy dêr noch wol leare. "Ik spylje sels sûnt myn alfde al ynstruminten en yn Amearika begjinne sy dêr folle letter mei. Dus ik koe noch net marsjearje, mar ik koe wol folle better muzyk spylje as in soad oaren yn de groep."

Elke dei tsien oeren

It spyljen yn de marching band foel Amber wol swier. Sa stiene sy alle dagen sa'n tsien oeren te trainen ûnder de hjitte sinne. Wykeinen hie se ek net. "Ik hie yn it begjin noch lang net genôch spieren." De bariton sjocht der yn Amearika ek krekt wat oars út, wêrtroch't sy it ynstrumint net op har skonk sette koe.

Sûnt sy thús is, is Amber dus benammen oan it bykommen. Yn totaal hat Amber santjin wedstriden spile yn ferskate stadions, mei tusken de hûndert en de tûzen besikers. De reis begûn yn Florida en einige yn Indiana. Sy hat yn dy tiid sa'n fyftjin steaten sjoen.

Amber Snip is wer thús - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Al wie it swier: se hoecht gjin twa kear nei te tinken as har frege wurdt of se it nochris dwaan soe. "Ik wol kommend jier wer! Dan wol ik by in team dat meidocht yn de top 5. Je kinne meidwaan oant je 21 binne. Ik haw dus noch ien jier. Dêrom woe ik dit jier ek graach ûnderfining opdwaan, sa't ik takom jier by in better team oanslute kin."

Dat betsjut lykwols wol dat der hurd traind wurde moat. "Ik sil my echt goed tariede op kommend jier!"

Ferslachjouwer Jeroen Boersma praat mei Amber oer har aventoer

(Advertinsje)
(Advertinsje)