Autobrân by McDonald's op It Hearrenfean lûkt in soad publyk

21 aug 2019 - 06:10

Op it parkearterrein by de McDonald's op It Hearrenfean is tiisdeitejûn in auto troch in noch ûnbekende oarsaak yn de brân flein. De brânwacht hie it fjoer rap ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat der in soad skea oan de auto ûntstie. De brân luts in soad publyk fan minsken dy't op jûntiid noch efkes by it restaurant oan de Stadionwei iten hellen.

Foto: Dennis Stoelwinder

De brân ûntstie oan de efterkant fan de auto. Dy moast letter troch in berger fuorthelle wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)