Hurdfytser Jan Fennema pakt noch in gouden plak op World Transplant Games

20 aug 2019 - 22:27

Hurdfytser Jan Fennema fan Feanwâlden hat goud pakt op de dykwedstriid op de World Transplant Games yn Newcastle. Dêrmei hat er alles wûn wat der te winnen falt, want moandei pakte er ek al twa kear goud op de tiidrit en de ploege-efterfolging. "Ik bin sa bliid. It gie presys sa't ik woe. Ik hie dit net ferwachte, mar wol hope", seit Fennema.

Jan Fennema komt as earste oer de streek - Foto: Jan Fennema

De wedstriid duorre 17 rondes. Nei 6 rondes besocht Fennema foarút te riden, mar hy waard wer werompakt troch syn efterfolgers. Even letter woe er it by in klim nochris besykje: "Ik woe gewoan gean. Dat die ik en dat pakte goed út. Op in gegeven momint hie ik in foarsprong fan achttjin sekonden. Dy koe ik dêrnei allinnich noch mar útwreidzje."

Fennema kwaam oer de einstreek mei in foarsprong fan ien minút en achttjin sekonden. "Dit is sa prachtich. Der kaam ek noch in dikke stoartbui oer ûnder de wedstriid. Ik wie dweiltrochwiet. Machtich wie it!"

De World Transplant Games is in ynternasjonale sportwedstriid foar minsken dy't in orgaantransplantaasje hân hawwe. Fennema hat op jonge leeftiid in donorlever krigen.

Foarige wike hat Omrop Fryslân by Jan Fennema del west om him te filmjen by syn tariedingen. De fideo dêrfan is hjir te besjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)