Kabinet jout ynkoarten útslútsel oer ferhuzing skûtels Boerum

20 aug 2019 - 22:00

It kabinet nimt op koarte termyn in beslút oer in nij plak foar de skûtels fan Boerum. Dat meldt de NOS. Dat it ôflústerpark fan de Nederlânske ynljochtingetsjinst in oar plak krijt, wie al bekend. It ferhuzet nei it bûtenlân fanwege de komst fan it 5G-netwurk. Dat sit op deselde frekwinsje as it ôflústerpark en soe dêrom foar steuringen soargje kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Oft de skûtels nei in Europeesk lân ferpleatst wurde of noch fierder fuort, wol ferantwurdlik steatssiktaris Mona Keijzer net sizze. Neffens har wurdt der binnen uterlik twa moannen in nij plak keazen.

Trefwurden: 
Boerum ôflusterpark skûtels
(advertinsje)
(advertinsje)