Proef mei fiskjen nei guod MSC Zoe krijt ferfolch, see noch lang net skjin

Rykswettersteat jout in ferfolch jout oan in proef mei fiskers, dy't guod út de see fiskje. De gefolgen fan de kontenerramp mei de MSC Zoe binne noch alle dagen te fernimmen. Oan it begjin fan it jier ferlear it skip mear as 300 konteners yn de Noardsee boppe de Fryske eilannen. In protte guod is oanspield, mar de see is noch lang net skjin.
© Omrop Fryslân, Alle Faber
Neffens Edwin de Feijter fan Rykswettersteat is in ferfolch mei de fiskers nedich: "Het is gebleken dat het best wel kansrijk is om de gebieden boven Schiermonnikoog en Ameland zo schoon mogelijk te vissen, want helemaal schoon zal niet lukken. Dat hebben we gevraagd aan de vissers van de LO-28 en die is daar nu volop bezig om in achttien dagen in totaal het hele gebied zo schoon mogelijk te krijgen met aangepaste netten."
Troch de eardere pilot witte se ûngefear wêr't it measte guod leit. De Feijter: "In de twee gebieden waar we nu weer laten vissen, blijkt best veel boven te kunnen komen. Dan is het aannemelijk dat daar in de buurt ook nog wel spul ligt." Der sil no besocht wurde it hiele gebiet te befiskjen.
Yn it Nederlânske diel fan it gebiet dêr't de MSC Zoe de konteners ferlear, moat noch in lytse 300 ton oan guod lizze, seit De Feijter. "Dat zal de LO-28 zeker niet boven halen, maar goed, alles is meegenomen. We willen er toch alles aan doen om zoveel mogelijk boven te halen op een efficiënte manier."
Edwin de Feijter fan Rykswettersteat
De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.