Friezen yn top fiif oermjittige drinkers, It Amelân spant de kroan

20 aug 2019 - 19:49

Acht prosint fan de Friezen drinkt in oermjittich soad alkohol. Dat docht bliken út ûndersyk fan Afkickkliniekwijzer.nl. It oantal is it heechst yn de gemeente Amelân, mei tolve prosint oan oermjittige drinkers. Yn Opsterlân binne mei fjouwer prosint de minste oermjittige drinkers.

Bier - Foto: Shutterstock.com

Fan oermjittich drankgebrûk wurdt sprutsen as manlju mear as ienentweintich glêzen alkohol yn 'e wike drinke en froulju mear as fjirtjin. Net allinne op It Amelân spilet dat, ek op de oare Fryske Waadeilannen (fan Skylge binne der gjin gegevens) leit it tal oermjittige drinkers heech.

De trije Waadeilannen steane ek yn de lanlike top tsien fan gemeenten mei oermjittige drinkers, mei Amelân op it tredde plak en Skiermûntseach en Flylân op it achtste en njoggende.

It leechste tal minsken dat yn Fryslân oermjittich drinkt is te finen yn de gemeente Opsterlân, dêrneist skoare ek Harns en Waadhoeke mei beide fiif prosint oan oermjittige drinkers leech.

Provinsjale ranglist

Troch de hege skoare op de eilannen stiet Fryslân op it fjirde plak yn de lanlike ranglist. Noard-Hollân stiet dêr op it earste plak, folge troch Oerisel en Drinte. De ranglist wurdt ôfsletten troch Flevolân, dêr't mar fiif prosint fan de ynwenners oermjittich drinkt.

Mear sifers

Afkickkliniek.nl hat net allinne sjoen nei oermjittich drankgebrûk, mar ek nei swiere drinkers (ien kear yn 'e wike seis glêzen alkohol by in man en fjouwer glêzen by in frou) en it tal drinkers dat him oan de rjochtline (gjin alkohol of op syn meast ien glês deis) hâldt. By dy lêste kategory skoare Eaststellingwerf, Smellingerlân en Ljouwert goed, de trije Waadeilannen skoare ek hjir heech.

Foar it ûndersyk is gebrûk makke fan sifers fan it CBS en RIVM. Afkickkliniekwijzer.nl is in ûnôfhinklik platfoarm, mei ynformaasje oer ferslavingen, behannelmetoaden en ôfkickkliniken.

Acht prosint fan de Friezen drinkt in oermjittich soad alkohol

It persintaazje oermjittige drinkers de gemeente yn Fryslân. Scroll oer de statistiken foar elke gemeente.

(advertinsje)
(advertinsje)