Oanlis úteinset fan 300 km glêsfezel yn bûtengebiet fan Eaststellingwerf

20 aug 2019 - 18:29

Yn Eaststellingwerf is tiisdei Kabelnoord úteinset mei de oanlis fan hast 300 kilometer glêsfezel yn it bûtengebiet. Wethâlder Marcel Bos en direkteur Niek Geelhoed fan Kabelnoord wiene yn Donkerbroek foar de start. By de Leidyk waard in spesjale robotknipper brûkt om de grûn iepen te knippen.

Foto: ANP

Mei de graafwurksumheden wurdt der in glêsfezelbuis fan de dyk ôf nei de wenten brocht. Omwenners krije in brief foar't der groeven wurdt yn harren strjitte. Ek sil der fan tefoaren in wenningskôger delkomme om te sjen nei it meast geskikte plak foar de kabel. Wethâlder Bos hopet dat it in ympuls jout oan de leefberens fan it bûtengebiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)