Sportklup Hearrenfean krijt offisjeel in G-team

20 aug 2019 - 18:07

SC Hearrenfean krijt mei yngong fan it seizoen 2019/2020 noch in team dat útkomt op earedifyzjenivo. Tolve G-fuotballers fertsjintwurdigje de klup yn de bysûndere earedifyzje. Tongersdei sil de kontraktûndertekening fan it G-fuotbalteam plak fine yn it Abe Lenstra stadion.

Foto: SC Hearrenfean

De bysûndere earedifyzje is in inisjatyf fan de Nederlandse Stichting voor het Gehandicapte Kind. It moat fuotbaljende bern mei in beheining in poadium jaan. De kompetysje bestiet út teams fan ferskate betelle fuotbalorganisaasjes, wêrûnder SC Hearrenfean.

Yn in seizoen telt de bysûndere earedifyzje fjouwer wedstriiddagen. In oantal kearen yn 't jier traint de SC Hearrenfean-seleksje ûnder lieding fan in fêste trainer foar de duels mei ADO Den Haag, Ajax, De Graafschap, FC Emmen, FC Groningen, Heracles Almelo, Excelsior, VVV-Venlo en FC Utrecht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)