Motorrider Bertus Folkertsma docht mei oan de gefaarlike Manx Grand Prix

Foar it tredde jier op 'e rige docht Bertus Folkertsma fan Tsjummearum mei oan de Manx Grand Prix op it eilân Man (by it Feriene Keninkryk). Hy wol him kwalifisearje foar de Isle of Man TT. It is in strjitrace foar motors, en in gefaarlike. Der barre faak in soad ûngelokken by de roadracing. Yn 2018 die Folkertsma ek mei en doe bruts hy syn skouder. Takom wike woansdei en freed docht hy mei oan de race, oant dy tiid traint Folkertsma op it eilân.
Bertus Folkertsma © Orange Pictures
Op dit stuit is Folkertsma dus drok mei trainen. "It is prachtich moai waar, wy hiene eins sneon ek al traine wollen, mar doe kaam der úteinlik reinwetter op in part fan it sirkwy. Juster wie de earste kear dat wy yn de rûnte koene en sa't it no liket kinne wy jûn wer oan de bak," seit hy.

Syn doel

Dochs binne de trainingen ek wichtich. "Eltse training is in kwalifikaasjetraining en je moatte minimaal fiif rûntsjes ride hawwe foar't je überhaupt oan de wedstriid dielnimme kinne, de wedstriden binne oare wike woansdei en freed. En je moatte wol je minimale tiid helje. Wy binne mei twa man tagelyk fan start, om 'e tsien sekonden. En der geane sa'n 120 oant 150 man de baan op en dan kinne wy allegearre ús rûntsjes ride yn in bepaalde tiid," jout Folkertsma oan.
Neffens de motorrider is de eare in grut ding. "Mar myn doel is om takom jier echt mei de WK-jonges mei te riden. En dy ride hjir hjoed ek mei, de hiele wike wol. Mar it is net echt de TT fan de Isle of Man, mar de Manx Grand Prix. Dat is ôflaat fan de TT fan eartiids, in foarstasjon foar't je oan de echte TT dielnimme kinne."

Strjitrace op B-dykjes

Foar Folkertsma sels set de echte race dus takom wike útein. "It is fansels op in eilân, dat bringt fan himsels al wat spesjaals mei. Mar it is in strjitrace, dus inkeld oer iepenbiere diken. Om seis oere wurde de diken ôfset mei wat stekken, sa't der gjin minsken en auto's mear de dyk oer kinne. Alle auto's wurde fan de dyk ôf helle. En it is in rûntsje fan 62 kilometer en je moatte yn in oere tiid eins safolle mooglik rûntsjes meitsje. As it in bytsje meisit kinne wy twa rûntsjes ride, as it hiel bot meisit kinne wy trije rûntsjes ride."
It parkoers is dêrby in grutte útdaging. "De gemiddelde snelheid is hjir 180 kilometer yn de oere, oer B-dykjes. Sneldiken bestean op it eilân net, der binne in soad bergen en doarpen. It asfalt is net hielendal geweldich en der binne in soad springbulten."

Grinzen opsykje

Yn 2018 gie Folkertsma dus ûnderút. "It twadde rûntsje gie der ôf, yn de mountains. En doe haw ik myn skouder brutsen. Mar goed, wy steane der wer, dus net tefolle dêr oer neitinke," jout hy ta. It is in sport fan grinzen opsykje. "Dat is motorracen, hè. De útdagingen op de permanente sirkwys bin ik kwyt. De spanning kin ik mysels net echt mear talizze. Ik besykje sa hurd mooglik te gean, mar dêr fyn ik net safolle mooglik oan nei 25-26 jier. Dus dan sikest in hiel oare tak op fan motorsport en dat is roadracing."
Motorrider Bertus Folkertsma oer de Manx Grand Prix
Yn 2018 makke Omrop Fryslân in dokumintêre oer motorkoereur Bertus Folkertsma. De Fryslân DOK 'Man! De race van myn libben' is hjir werom te sjen.