Wat binne de 'kadokeunstwurkjes' fan Ids Willemsma?

Keunstner Ids Willemsma is benammen bekend fan syn byldbepalende keunstwurken yn de iepenbiere romte. Tink bygelyks oan it ferneamde 'tempeltsje op 'e dyk', of it byld dat hy makke as earbetoan oan atlete Foekje Dillema. Mar de alsidige keunstner makke yn syn karriêre ek hûnderten lytsere keunstwurkjes.
© Omrop Fryslân, Karen Bies
De lytse wurkjes waarden troch de Fryske keunstner spesjaal makke foar freonen, famylje en bekenden. Hy joech se kado bygelyks by in jubileum, in jierdei of samar. De 'kadokeunst' fan Willemsma wurdt sneon foar ien kear tentoansteld yn Obe yn Ljouwert.
Yn juny die Tresoar in oprop oan besitters fan dizze keunstwurken om se beskikber te stellen foar in tydlike tentoanstelling. Hjirop kamen santjin reaksjes. Guon minsken brochten meardere keunstwurken yn. De opbringst wie breed: fan etsen oant bôleplanken, en fan tekeningen oant byldsjes. Faak mei de nedige humor: keunst mei in knypeach. Sa krige immen dy't op de útnûging fan har feest in envelop pleatst hie as 'kadotip' in metalen envelop.
It gebou Obe yn Ljouwert is sneon 24 augustus fan 11 oere ôf iepen. Ids Willemsma treedt sels middeis om 15.00 oere op mei de dichters Grytsje Schaaf, Anne Feddema en Elske Kampen. De tagong is fergees. It pop-up museum is ûnderdiel fan de programmearring by de tentoanstelling 'IDS! Sjen sjoch sjoen' yn Obe.