Plysje op ferlof út Afganistan werom

11 nov 2011 - 16:39

Salang't it kin, moat Nederlân helpe by de weropbou fan Afganistan. Dat fynt alteast plysjetrainer Tjitte Veldstra fan Easterwâlde. Hy is eefkes werom yn Nederlân mei ferlof.

Veldstra is gewoanwei wykagint yn Easterwâlde, mar no liedt er in jier lang offisieren op yn de Afgaanske haadstêd Kaboel. It wurk falt net ûnder de plysjemisje yn Kûndûz dêr't in soad krityk op is. Veldstra fynt dat Nederlân hoe dan ek helpe moat it lân wer op gleed te helpen.

Trefwurden: 
Afganistan
(advertinsje)