Der komt in wiidweidich ûndersyk nei ynstoarten dak fan AZ-stadion

20 aug 2019 - 16:41

De Undersyksried foar Feiligens begjint in folslein ûndersyk nei it foar in part ynstoarten fan it dak fan it stadion fan AZ yn Alkmaar. Dat folget op it ferkennende ûndersyk fan de ôfrûne dagen. "We willen achterhalen wat er is gebeurd. We denken dat er veel veiligheidswinst te boeken is en dat er lessen te leren zijn. Niet alleen voor het AZ-stadion, maar voor de sector in den brede", seit in wurdfierder fan de ried. By de bou wiene trije Fryske bedriuwen belutsen.

Foto: ANP

Nei de earste ferkenningen hat de ûndersyksried al konkludearre dat de laskferbiningen yn it dak beswykt binne. Op oare plakken binne breuken en fertochte plakken fûn, wêrtroch't it risiko bestiet dat it dak ek dêr noch nei ûnderen komt. De Fryske bedriuwen dy't belusten wiene by de bou binne yngenieursgroep Romkes fan Sint-Nyk en de fallite bedriuwen Jan de Roos Montage en Hardstaal, beide fan De Lemmer.

It ûndersyk fan de ried duorret nei alle gedachten wat minder as in jier. Dat wol net sizze dat it AFAS-stadion fan AZ oant dy tiid ticht bliuwt. Dat is oan AZ en de gemeente Alkmaar seit de ried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)