Gouden plaat op Lowlands foar Joosts 'Scandinavian Boy': 6 miljoen streams

20 aug 2019 - 16:20

De Fryske rapper Joost hat in gouden plaat mei syn nûmer 'Scandinavian Boy'. It nûmer is op Spotify, it grutste platfoarm om muzyk te streamen, al mear as 6 miljoen kear beharke. Joost krige de gouden plaat útrikt ûnder syn optreden op it festival Lowlands.

Joost op de twadde dei fan it festival Lowlands - Foto: ANP

Hy stie op it poadium yn in boxsershort mei de Fryske pompeblêden. Flak foar't er it nûmer 'Scandinavian Boy' ynsette soe, waard er ûnderbrutsen en kaam in persoan mei de gouden plaat út de kûlizen wei.

De 21-jierrige Joost brocht 'Scandinavian Boy' út yn 2017. It is it iepeningsnûmer fan it album mei deselde namme.

Njonken Lowlands stie Joost it ôfrûne wykein ek op it Belgyske festival Pukkelpop. Dêr stie er foar tsientûzenen minsken op it haadpoadium. De resinsjes fan beide optredens wiene posityf.

Eenhoorn Joost

Joost Klein groeide op yn Britsum en Stiens. In pear jier lyn waard er benammen bekend as Eenhoorn Joost mei filmkes op YouTube. Fjouwer jier lyn siet er dêrom alris oan tafel by Omrop Fryslân. In fragmint dêrfan hat er dit jier brûkt by syn nûmer Agoeie.

In single krijt yn Nederlân de status 'goud' as it 40.000 kear ferkocht of download is. As in nûmer 150 kear streamd wurdt op bygelyks Spotify, Deezer of Apple Music, telt it as ien download.

(Advertinsje)
(Advertinsje)