Drachtster kringloopwinkel ferhuzet nei oare kant fan 'e strjitte

20 aug 2019 - 16:05

De populêre kringloopwinkel Hart in Friesland oan De Hemmen yn Drachten ferhuzet nei in oar ûnderkommen. De winkel komt yn it âlde gebou fan de Gamma en dat stiet oan de oare kant fan de dyk.

Direkteur Jelmer Kooistra fan Hart in Friesland leit út dat de winkel mear romte nedich hat. "Wy ha gemiddeld tûzen klanten deis yn de winkel en dêrtroch binne wy de ôfrûne jierren enoarm groeid. Wy wolle in takomst opbouwe mei wissichheid. Dêrfoar ha wy eigentlik in nije lokaasje nedich mei mear romte, mar ek ien dy't enerzjyneutraal is. It âlde gebou fan de Gamma foldocht oan alle easken", seit Kooistra.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

It nije pân is 3000 kante meter, sa'n 500 kante meter grutter as it âlde gebou. Ek komt alles ûnder te stean. "Wy hawwe in it nije pân gjin ferdjippingen mear, wat wy yn it âlde gebou wol hiene. Wy hoopje dat alles no wat oersichtliker is", seit Kooistra.

Fanatike klanterûnte

"Wy hawwe in klanterûnte dy't al jierren by ús komt, dêr binne wy hiel tankber foar", fertelt Kooistra. De winkel hat in oprop dien oan de minsken oft se helpe wolle mei it ferhúzjen. "Dêr binne in hiel soad reaksjes op kaam, dus wy ha no sa'n 70 oant 80 man dy't ús helpe sille om te ferhúzjen. Dat is natuerlik fantastysk."

Kooistra hat alle fertrouwen yn de takomst fan de winkel. "Wy binne no enoarm oan it groeien, en mei troch ús fanatike klanterûnte kinne wy dit mooglik meitsje." De kringloopwinkel brûkt in diel fan de omset foar goede doelen, ûnder oare foar de sport foar beheinden.

De nije winkel wurdt op 4 oktober offisjeel iepene.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Drachtster kringloopwinkel Hart in Friesland sil ferhúzje

(Advertinsje)
(Advertinsje)