Wetterskip kontrolearret polderdiken: "Feangrûn bliuwt in lestich ferhaal"

20 aug 2019 - 15:51

Wetterskip Fryslân is drok dwaande mei it ynspektearjen fan polderdiken yn Súdwest-Fryslân: yn july is der 97 kilometer oan risikogefoelige polderdiken yn it feangebiet om de Fryske marren kontrolearre. Troch de drûchte binne net alle diken der goed oan ta, benammen de 600 kilometer oan diken op feangrûn. Somtiden wurde se yn it neijier wer better, as der wer mear rein falt. Mar as der wol djippe skuorren bliuwe, dan moatte se reparearre wurde mei klaaigrûn.

It is wichtich hoefolle reinwetter oft hjir falt, mar ek hoefolle der yn Midden-Europa falt. "Fanwegen de ôfhinklikheid fan it Iselmarwetter, wêrmei't wy de boezem byfolje en ferfarskje, dat wetter komt úteinlik dêrwei. Fia de Rijn komt it hjir hinne."

Iselmar as buffer

De Iselmar is de buffer fan Fryslân, der wurdt ekstra wetter fan de mar yn de Fryske marren en kanalen litten. "It peil yn de Iselmar wie ferline simmer folle leger as no, dêrom hiene we doe ek it bereiningsferbod. Dat is no noch net oan de oarder. Dus wat dat oangiet hawwe wy in better jier, wettertechnysk."

Dyk ûnder Wâldsein

Rommert Cazemier lit ferslachjouwer Bauke Deelstra in dyk ûnder Wâldsein sjen. Dêr sitte wol wat skuorkes op de dyk, mar it leit der noch bêst kreas by: "Der is net safolle oan de hân. It is in feankade en der sit fuort in sleat efter, dêrom hâlde we it wol yn de gaten. Mar yn earste ynstânsje is hjir noch net safolle oan de hân."

In soad gers op de syk soe allinne noch wol moaier wêze: "Fanwegen de sleat dy't der efter leit is it ûnderhâld ek wat lestich, dêrom stiet er fol mei brânnettels en iepen plakken. It leafst hiene we in moai tichte gersmatte hân."

97 kilometer dyk

Yn july hat Wetterskip Fryslân mear as 90 kilometer dyk ynspektearre. "Gelokkich binne we mei in soad minsken. Wy rinne allegearre in stikje: 'vele handen maken licht werk.' Der binne stikken ticht by de dyk, mar ek guon fier de polder yn. Der binne wol plakken dêr't it lekt of dat der djippere skuorren binne dy't we wis yn de gaten hâlde moatte, mar grutte kalamiteiten binne noch net oan de oarder."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat mei Rommert Cazemier op in dyk ûnder Wâldsein

De grutste problemen binne der mei diken mei feangrûn. It sân is in oar ferhaal en klaai is folle steviger, mar benammen op it fean binne kearingen gefoelich foar drûchte.

Minne dyk

Oan de súdkant fan de Hegemer Mar is in dyk dy't der hiel wat minner oan ta is. Der kin men wol in hân yn de skuorren kwyt, sa grut binne se. "Dit binne de wichtige punten dy't wy yn de gaten hâlde. Dit soe lekke kinne. No noch net, mar wy hâlde it wol yn de gaten. Hooplik werstelt it út himsels. Want it is feangrûn, dêr sit in soad libben yn. As it wiet wurdt, set it wer út. Dan wurde de skuorren hooplik wer minder."

Fean bliuwt dreech

Bliuwt it wol drûch, dan moat der wat barre. "Wy moatte it in bytsje losmeitsje en dan de dyk op 'e nij opbouwe. It moaiste is om dêr klaaigrûn foar te brûken. Klaai is wol swierder, dus it sakket wol fuort yn feangrûn. Dus feangrûn bliuwt in lestich ferhaal."

Rommert Cazemier oan de súdkant fan de Hegemer Mar by in hiel minne dyk

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker
(advertinsje)
(advertinsje)