Swier waar oer Fryslân

05 jul 2012 - 17:19

Yn de hiele provinsje giene tongersdeitemiddei swiere buien oer mei tonger en wjerljocht en foaral in hiel soad reinwetter.

Yn Frjentsjer wie der oerlêst by it Planetarium en sportsintrum Bloemketerp.

Yn Ljouwert wie de wjerljocht by it stasjon ynslein en dêrtroch ride der gjin treinen tusken Ljouwert en Grins.

(Advertinsje)
(Advertinsje)