Bouwmeester klimt troch goede dei nei twadde plak yn Enoshima

20 aug 2019 - 14:32

Marit Bouwmeester is tiisdei flink klommen yn it klassemint op it testevenemint foar de Olympyske Spelen yn Japan. De sylster waard tiisdei in kear fjirde en in kear twadde. Dêrtroch stiet se no twadde yn it klassemint. Se hat mar fjouwer punten efterstân op de nûmer ien, de Belgyske Emma Plasschaert.

Foar Bouwmeester wie it einlik in folsleine goede dei. "Hjir wie ik hiel tefreden mei. De earste dei makke ik wat fouten en juster hie ik wat maleur. Doe waard ik oanfearn. Mar hjoed wie wer hiel goed."

Spelen op itselde wetter

It toernoai yn Enoshima is de wedstriid dy't folgjend jier op de Olympyske Spelen fan 2020 ek syld wurdt op itselde wetter. "Ik bin hiel bliid mei de tiid dy't we hjir allegear spendearre ha."

Bouwmeester wie as earste Nederlanner al wis fan de Spelen, mar ek ien fan de earste sylsters. Dêrom is se in soad yn Enoshima en kin se traine op it Olympyske wetter. "Ik fernim wol dat ik dêr no hiel folle baat by ha. We sile hjir op ferskillende banen. Ik ha wol wat punten lizze litte en moat noch wat finetune."

Winne kin noch

Mei noch ien dei en twa races te gean, hat se noch útsjoch op winst. De top-fjouwer sit tichtby elkoar. "Ik hoop dat ik woansdei noch goeie saken dwaan kin. Winne is dochs altyd lekker, haha."

Top-fjouwer klassemint

1 Emma Plasschaert België 49
2 Marit Bouwmeester Fryslân 53
3 Maria Erdi Hongarije 54
4 Alison Young Feriene Keninkryk 58
(Advertinsje)
(Advertinsje)