Noardlike omroppen op harksit tsjinoer Rykswettersteat oer MSC Zoe

20 aug 2019 - 14:22

Omrop Fryslân en RTV Noord ha op in harksit oan Rykswettersteat dúdlik makke dat de omroppen mear witte wolle oer wat der yn de konteners siet dy't begjin jannewaris fan it frachtskip MSC Zoe foelen. Dat is nammentlik noch hieltyd net dúdlik.

Foto: Haveriekommando

De twa omroppen wolle de gegevens boppe tafel ha. "We willen weten wat er met ons waddengebied gebeurt en wat er op die stranden terechtkomt", fertelt Omrop-datasjoernalist Eva Meesterberends, dy't by de harksit wie.

Ynformaasje noch net dúdlik

Om oan de gegevens te kommen, ha de omroppen in fersyk yntsjinne by Rykswettersteat, want dy ha de gegevens wol krigen fan de rederij MSC Zoe. Mar de ynformaasje dy't oant no ta dield is, is neffens de omroppen noch hieltyd net dúdlik: "We hebben wel een groot deel van de correspondentie gezien tussen de bedrijven die de spullen vervoeren", fertelt Meesterberends. "En we hebben lijsten gekregen waarop min of meer staat wat er in de containers zit. Maar bij sommige containers staat er alleen een nulletje, dus daarmee kunnen we nog niets. Of er stond 'chemical products', maar dat is heel breed. Wij vonden dat niet genoeg, dus hebben we bezwaar aangetekend."

Op de harksit yn Utrecht wie it in ynformeel petear tusken de partijen. "Wij hebben ons verhaal toegelicht: waarom willen we het weten, waarom zijn we het niet eens zijn met zulke summiere info. En Rijkswaterstaat heeft het juridische verhaal toegelicht."

Rykswettersteat bepaalt

Rykswettersteat bepaalt yn earste ynstânsje sels wat se dogge mei it beswier fan de Omrop. "Als je een Wob-procedure doet en het wordt afgewezen, dan ga je eerst in conclaaf met de organisatie die het heeft afgewezen. Dat is nu dus Rijkswaterstaat. Als we het daar niet mee eens zijn, dan zouden we het voor de rechter kunnen brengen. Maar dat is lastig, want dat kost geld. Je moet een advocaat meebrengen."

Besluten falle pas letter. "Over een week of twee krijgen we een update van Rijkswaterstaat", fertelt Meesterberends. "Het was wel een prettig gesprek."

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)