Bewusteleaze frou út it wetter fan de Sylster Ryd yn Kollum helle

By it Nieuwpad del yn Kollum rekke tiisdeitemoarn in frou yn it wetter. Wurknimmers fan in bedriuw wiene dwaande mei de oanlis fan in nije brêge, doe't sy it lichem fan de frou driuwen seagen oer de Sylster Ryd. Daalks waard der yn aksje kaam om de frou út it wetter te krijen en te reanimearjen. Hoe't de frou der no oan ta is, is net bekend.
© De Vries Media
It ûngelok barde om kertier foar tolven. Omstanners binne letter troch helptsjinsten oernaam. De plysje, twa amulânses en in mobyl medysk team fan in traumahelikopter wiene op it plak.