Tsjinstanners fan pealtsjes op tsjerkhôf Wetsens wolle oare oplossing

20 aug 2019 - 13:00

Begjin augustus binne der 389 pealtsjes op it karakteristike tsjerkhôf yn Wetsens slein troch de PKN-tsjerke fan Dokkum-Ealsum-Wetsens. Sa kin yn kaart brocht wurde hokker grêf op hokker plak leit. Der ûntstie fuort rebûlje, want in soad minsken binne net bliid mei hoe't it hôf der no útsjocht. Tsjinstanners fan de pleatslike kommisje fan Alde Fryske Tsjerken hawwe in petysje yn de tsjerke lein en guon neibesteanden hawwe it pealtsje by it grêf fan harren bekende al sels fuorthelle.

Joanna Romkema en Anne de Bruijn út Wetsens binne leden fan de pleatslike kommisje fan Alde Fryske Tsjerken. "Dat is een commissie die bestaat uit mensen uit de omgeving bestaan en die probeert culturele activiteiten in het Sint-Vituskerkje te organiseren en uit te voeren," seit Anne de Bruijn. Sy binne tsjin de pealtsjes op it hôf. De tsjerke stiet yn 'e midden fan in terp, it hôf is dêr karakteristyk omhinne drapearre.

Registraasjesysteem

Hy leit út dat sy net ynformearre wiene. "Die 389 paaltjes horen bij een registratiesysteem dat de PKN heeft bedacht en uitgevoerd. Aanvankelijk was er heel weinig contact over die paaltjes met mensen uit de omgeving. Want er zijn natuurlijk rechthebbenden op die graven, mensen die een graf gekocht hebben en een plaatselijke commissie die vindt dat zo'n prachtig kerkhof ontsierd is door deze paaltjes," seit De Bruijn.

Metalen plaatsjes yn de grûn

Romkema hat kontakt hân mei foarsitter Waslander fan it kolleezje fan tsjerkerintmasters. "Ze willen er haast achter zetten en dat waarderen we ook enorm. Maar wat ze nu bedacht hebben is dat ze een metalen plaatje in de grond willen stoppen die de paaltjes vervangt, zodat het niet het aanzicht meer bederft. Dan kunnen ze met een detectieapparaat de locatie weer vinden."

Oare oplossingen?

Neffens Romkema soe dat foar it byld fan it hôf wol in oplossing wêze, al moat der wol groeven wurde. "Maar wat wij denken: is er niet gewoon een kosteloze oplossing? We waarderen het dat ze meteen met een andere oplossing willen komen, maar er zijn zoveel mensen met meer kennis en ervaring. Betrek die erbij voor je op stel en sprong iets bedenkt wat heel veel geld gaat kosten."

It kin noch wol moannen duorje foar der in oplossing is, jout Joanna Romkema oan. "We begrijpen het niet, want we hebben het idee dat de paaltjes los staan van het kunnen registreren. Dat je moet weten waar het graf moet komen is ook niet afhankelijk van paaltjes, dat kan ook door middel van satelliet, gps-lokalisering of met een laser. Deze paaltjes kosten ook heel veel geld, dat is zonde."

Google Maps

De pleatslike kommisje fan Alde Fryske Tsjerken hat sels dwaande west mei Google Maps. "Daarmee kun je goed zien hoe iets er van bovenaf uit ziet. Gosse Beerda, ook van de commissie, heeft daar al iets mee gemaakt: een mooie luchtfoto met contouren en lijntjes. Zet daar nummers bij en dan is het eigenlijk al klaar voor het administratiesysteem, maar kunnen de paaltjes er uit."

Petysje yn de tsjerke

De Bruijn: "Als plaatselijke commissie hebben we op zaterdagmiddag altijd open kerk. Veel mensen komen langs en we hebben een petitieboek neergelegd zodat men een reactie kan achterlaten. Mensen die hier geliefden hebben liggen, hebben soms als eigenhandig hier een paaltje eruit gehaald. Wij zeggen: we zijn in gesprek, laten we dat eerst even afwachten."

De kommende trije dagen wurdt de registraasje fan de grêven ôfrûne, dat soe neffens Romkema betsjutte dat de pealtsjes der tongersdei of freed út kinne. Dy binne net nedich foar it foljen fan it registraasjesysteem mei tekst en byld. Mar dan moat der dus noch wol in oare oplossing komme. "We vinden het vooral belangrijk dat er contact blijft, want nu wordt er op stel en sprong weer iets bedacht waarvan we denken dit hoeft voor ons niet zo," fertelt Romkema.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat by it hôf yn Wetsens mei Romkema en De Bruijn

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)