GGZ seit hierkontrakt Adelaartsjerke Ljouwert op

20 aug 2019 - 12:16

GGZ Fryslân moat op syk nei oare wenromte foar in groep kliïnten mei in psychiatryske beheining. De GGZ wie fan doel se te húsfestjen yn de Adelaartsjerke. De ferbou leit lykwols al skoften stil en dêrom is it hierkontrakt foar de 45 soarchapparteminten ûntbûn, sa skriuwt de Ljouwerter Krante.

Al sûnt 2018 leit it wurk oan de tsjerke stil. It is de GGZ net dúdlik wannear't de bou fierder giet. Dat is reden foar de GGZ om út it projekt te stappen. "Het is voor onze cliënten gewoon niet goed. En wij dragen zorg voor deze patiënten", seit in wurdfierder. "We hebben brieven gestuurd, geprobeerd te bellen, maar horen niets. Dan houdt het voor ons op."

De kliïnten wurde no ûnderbrocht yn apparteminten yn de binnenstêd. Yn de Adelaartsjerke soene se ûnder begelieding selsstannich wenje kinne. GGZ Fryslân siket no nei oare wenromte.

VVD stelt fragen

De VVD-fraksje yn de gemeenteried hat yntusken fragen steld. De partij wol witte wat de konsekwinsjes binne foar de ûntwikkeling fan de Adelaartsjerke. Ek wol de VVD witte oft de gemeente der jild ynstutsen hat en oft dat werom te foarderjen is as de ferbouwing net trochgiet.

Wethâlder Hein de Haan lit witte dat hy ferbjustere is oer de gong fan saken. De Haan seit fierder dat de gemeente gjin finansjeel belang hat. De gemeente sil al tafersjoch hâlde op it bouplak en mooglike oerlêst.

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)