Akteurs mei flechtlinge-eftergrûn út Ljouwert frege foar teäterstik

Teäterorganisaasje 'Wat We Doen' yn Ljouwert siket nei 25 akteurs. Dizze akteurs moatte in flecht-ferline hawwe. De organisaasje hat in oprop yn trije talen op de webside pleatst en siket njonken 25 akteurs yn Ljouwert ek akteurs út stêden lykas Amsterdam, Utrecht en Rotterdam.
Teater De Harmonie yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De akteurs sille meidwaan yn it stik 'Hoe ik talent voor het leven kreeg.' It stik fertelt it ferhaal fan Rodaan Al Galidi, dy't sels njoggen jier yn in AZC wenne. Njonken de flechtlingen, sille der ek fiif profesjonele akteurs meispylje yn it stik. De seleksjedagen yn Ljouwert binne ûnder oare op 2 septimber en 3 oktober yn De Harmonie.

'Wat We Doen'

'Wat We Doen' makket maatskiplike tema's en dilemma's ynfielber foar in breed publyk. Tema's binne bygelyks gearlibje, rjochtspraak, privacy en flechtlingen.
Dit jier toert 'Wat We Doen' mei de foarstelling 'JA' troch it lân. Underdiel fan de projekten is altyd in teäterstik, mar ek wurdt der socht nei oare foarmen om ûnderwerpen te dielen mei ferskate publyksgroepen.