GroenLeven woe graach sponsor bliuwe, mar miste "wederzijdse verliefdheid"

20 aug 2019 - 10:47

GroenLeven hat altyd de yntinsje hân om sponsor te bliuwen fan Sportklup Hearrenfean. Dat skriuwt it bedriuw yn in ferklearring, nei't moandei bekend waard dat beide partijen definityf net mei elkoar fierder geane.

Doe't de sponsoring fan GroenLeven noch op it stadion te sjen wie - Foto: www.orange-pictures.nl

Neffens SC Hearrenfean kin de fuotbalklup net foldwaan oan it winskepakket en de betingsten fan GroenLeven. "SC Heerenveen betreurt de uitkomst van de gesprekken", skriuwt de klup.

'Hearrenfean bleau beslút útstellen'

Neffens GroenLeven leit it oars: sy sizze dat se in 'substantieel' oanbod dien ha foar trije jier, wêrmei't se ien fan de grutste sponsoaren fan de klup bliuwe soene. "Doordat de club de beslissing over dit voorstel meerdere malen bleef uitstellen, miste GroenLeven de wederzijdse verliefdheid die nodig is om samen de toekomst in te gaan."

De plannen wiene dat GroenLeven sponsor fan de jeugdteams wurde soe, mar dat is net slagge. It bedriuw fynt it spitich dat se gjin sponsor mear binne, want de klup leit se oan it hert. Se hiene graach de stipe jûn yn de ûnrêstige tiden.

Wol wiis mei ôfrûne jierren

Roland Pechtold fan GroenLeven is wol wiis mei de ôfrûne trije jier. Sa lang wie de leveransier fan sinnepanielen haadsponsor fan de klup. "We hebben samen met SC Heerenveen veel bereikt. Als trotse Friese hoofdsponsor, op het mooiste voetbalshirt van Nederland, hebben we met de club veel maatschappelijke initiatieven kunnen ontplooien, onze naamsbekendheid vergroot en de club verder geholpen. En dat als Friezen onder elkaar. Dat doet mij goed."

Pechtold winsket de klup noch sukses: "Voor nu en in de toekomst. Wij blijven als fans altijd verbonden aan SC Heerenveen."

(advertinsje)
(advertinsje)