Langwarder 'rjochtse hippy' wol stikken oer Waadbehearplan iepenbier ha

20 aug 2019 - 10:27

Rypke Zeilmaker fan Langwar wol alle stikken oer it opstellen fan it Waadbehearplan iepenbier ha. Dêr hat er op oantrune by de Ried fan Steat. Hy tinkt dat Rykswettersteat en bedriuwen gearwurkje en in saneamde 'Waddenoligargy' foarmje.

In mokselfangynstallaasje by Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De man tinkt dat der in protte jild omgiet yn it behear fan it Waad. "170 miljoen euro", sei er op de rjochtsaak yn Den Haag. Mei de iepenbiere dokuminten hopet er ynsjoch te krijen wa't wa is, wat alle partijen dogge en hoe't it jild streamt. It ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, dêr't Rykswettersteat ek ûnder falt, hat in diel fan de dokuminten iepenbier makke.

'Noch folle mear dokuminten'

Zeilmaker, dy't himsels op syn eigen webside 'uw rechtse hippie fan Fryske Grûn' neamt, is noch net tefreden: neffens him binne der noch folle mear dokuminten, lykas e-mailferkear, dy't ûnder de pet holden wurde. De rjochter frege oft er dêr konkrete oanwizingen of bewizen foar hie. Dat hie er net.

Hy woe ek noch dat de persoansgegevens fan in grut tal belutsenen iepenbier wurde. Mar op basis fan de privacyregeling binne dy gegevens ûnlêsber yn de dokuminten. De minister fynt dat it iepenbier meitsjen fan de nammen net bydrage soe oan it algemiene belang.

Gjin fertrouwen

Zeilmaker hat hielendal gjin fertrouwen yn de oerheid. By de rjochtsaak hat er it fertrouwen opsein yn de papieren rjochtssteat. "Als uiting van protest tegen deze leugenachtige en corrupte overheid, belangenvehikel van een kartel, een oproep tot burgerlijke ongehoorzaamheid", sei de publisist yn Den Haag.

De Ried fan Steat docht oer in pear wiken útspraak oer it fersyk fan de Langwarder ta iepenbier meitsjen fan de stikken.

(advertinsje)
(advertinsje)