Partij voor het Noorden yn Grinslân stelt fragen oer Fryske mûzen

20 aug 2019 - 08:53

Stel dat de Fryske mûzen de grins nei Grinslân oerstekke, is dy provinsje dêr dan klear foar? Dy fraach hat de Partij voor het Noorden yn Grinslân foarlein oan it provinsjebestjoer dêr.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

"Muizen storen zich niet aan provinciegrenzen", seit Dries Zwart fan de Partij voor het Noorden. "Wij willen dus wel weten of we als provincie er klaar voor zijn mochten de muizen de grens over komen." Zwart referearret oan de mûzepleach dêr't Fryske boeren al wikenlang mei te krijen hawwe. "Is er samenwerking tussen de provincies op dit gebied? Dat willen we weten."

Gjin gemyske middels mear

Neffens Zwart moat Grinslân yn petear mei Fryslân, mar ek mei Drinte en Dútslân. Hy fynt dat der sa gau mooglik sjoen wurde moat nei in oplossing foar it eventuele mûzeprobleem. Hy wiist der dêrby op dat oer fjouwer jier gjin gemyske middels mear brûkt wurde meie foar it bestriden fan de bistjes.

Zwart wol by it finen fan in oplossing ek Grinslanner boeren ynskeakelje: "Boeren zijn de belangrijkste partij om mee te werken, want het gaat grotendeels om hun landbouwgronden. Zij hebben ervaring met muizen, in hun schuren. Ook moeten zij meedenken omdat we het samen moeten doen. Dit is een probleem van iedereen."

Net genôch wetter

En der is noch in probleem: "Als je landerijen onder water wilt zetten zoals in Fryslân, om de muizen te verdrinken, dan heb je echt veel water nodig. Dat is er momenteel niet, dus het is wel zorgelijk."

Doel is dat der binnen fjouwer wiken antwurd komt op de fragen fan de Partij voor het Noorden oan it provinsjebestjoer.

Dries Zwart

(Advertinsje)
(Advertinsje)