Fytsersbûn oer Reigersbrêge: belangen fytsers wurde negearre

20 aug 2019 - 07:32

It Fytsersbûn fynt it hiel spitich dat de Reigersbrêge oer de Suderie yn Dokkum nei in ferheging definityf ticht mei foar fytsers. De Ried fan Steat besleat moandei yn it foardiel fan de gemeente Noardeast-Fryslân, ta teloarstelling fan it Fytsersbûn. "Wy fine dat alle mooglikheden om mei de fyts ergens te kommen, bestean bliuwe moatte."

Foto: Google Street View

De gemeente wol de brêge ôfslute, omdat er nei in ferheging in stik steiler wurde soe en dêrmei ûnfeilich foar fytsers. De brêge wurdt ferhege nei 2,5 meter as ûnderdiel fan in projekt om de Suderie befarber te meitsjen foar motorboaten. It Fytsersbûn woe de plannen keare troch nei de rjochter te stappen. De rjochtbank yn Grins joech se gelyk, mar yn heger berop seit de Ried fan Steat dat de plannen dochs trochgean meie.

Oare oplossing 'te djoer'

It Fytsersbûn fynt dat der ek bêst in oplossing foar fytsers wêze mochten hie yn in projekt dêr't miljoenen yn omgean. Henk Baas fan it Fytsersbûn: "Der wie in hiel moaie oplossing mooglik: in brêge mei langere opgongen, dus flauwere talúds. Mar dêr hat de gemeente net foar keazen, dat fine se te djoer."

It tichtgean foar fytsers is ek wer net in hiel grut probleem, moat Baas tajaan. Fytsers hoege mar in lyts stikje om te fytsen. Mar dochs: "De gemeente skrapt no in ferbining dy't der al fjirtich jier leit. Dy wie ek oanlein it minsken makliker fan de iene kant nei de oare kant fan de Suderie gean te litten. De ferbining is wichtich foar in protte minsken. We fine it spitich dat der in ferbining skrast wurdt wêrmei'tst rapper fan A nei B komme koest."

Wat dit ûnderwerp oanbelanget binne we wol útpraat.

Henk Baas oer it kontakt mei de gemeente

Nochris mei de gemeente om tafel, hat neffens Baas gjin doel. "We prate altyd graach om it fytsen hjir yn de gemeente te ferbetterjen, mar wat dit ûnderwerp oanbelanget binne we wol útpraat."

(Advertinsje)
(Advertinsje)