Twa kear goud foar Jan Fennema op World Transplant Games

20 aug 2019 - 06:28

Hurdfytser Jan Fennema fan Feanwâlden hat twa kear goud wûn op de World Transplant Games yn Newcastle. Hy wie de bêste mei de yndividuele tiidrit en mei de Nederlânske ploech waard er ek earste op de ploegetiidrit.

De Transplant Games is in ynternasjonale sportwedstriid foar minsken dy't in orgaantransplantaasje hân hawwe. Fennema hat op jonge leeftiid in donorlever krigen.

Oppermachtich

Op de yndividuele tiidrit sette Fennema in tiid del fan 16:52 minuten. Dêrmei wie er mear as in minút rapper as de nûmer twa, Henk Goris fan Súd-Afrika.

Ek op de ploegetiidrit wiene Fennema en syn ploechgenoaten Bert Rienties en Erik Pul oppermachtich. It ferskil mei in team fan it Feriene Keninkryk, dat sulver wûn, wie mear as trije minuten.

Yn it algemiene klassemint waard de Feanwâldster twadde.

Ferline jier op de European Transplant Games op Sardynje pakte Fennema ek al twa medaljes: goud en sulver. Syn ambysjes wiene grut: "Ik dream der eins fan om de bêste transplantearre hurdfytser fan de wrâld te wurden", sei er yn de tarieding op de World Transplant Games. "In bettere tarieding hie ik net draaie kind. Boppedat stean ik no sterker oan 'e start, ha ik mear ûnderfining en wit ik in bytsje wat ik ferwachtsje kin."

Jan Fennema yn tarieding op de World Transplant Games:

(Advertinsje)
(Advertinsje)