Jaco de Groot wint fierljeppen Burgum mei fierste sprong ea yn Fryslân

Nederlânsk rekôrhâlder fierljeppen Jaco de Groot (22.21 m) hat yn Burgum by de twadde wedstriid yn de nasjonale kompetysje in rekôr foar Fryslân delset. De Groot ljepte mei 21.94 meter syn op ien nei fierste sprong ea en wûn dêrmei ek de wedstriid. Op in Fryske skâns waard noch nea earder sa fier ljept. It rekôr stie oant no ta op namme fan Nard Brandsma mei 21.68 meter.
Fierljeppen Burgum
Hast alle Nederlânske rekôrs steane no op namme fan Burgum, útsein dat fan de senioaren en de famkes. Marrit van der Wal hat it frouljusrekôr (18.19), Reinier Overbeek it jongesrekôr (20.30) én it junioarerekôr (21.38). Freark Kramer hat it Frysk junioarerekôr ljept yn Burgum (20.44). Jaco de Groot hat no it heechste skânsrekôr fan Fryslân (21.94)
Jaco de Groot
It fierljeppen yn Burgum gie ôfrûne woansdei en tongersdei net troch fanwege min waar, no reinde it rekôrs op de skânzen. Thewis Hobma fan Harns ljepte foar it earst twa kear oer de 21 meter. Mei syn fierste sprong fan 21.34 meter einige hy as twadde achter De Groot. Erwin Timmerarends waard tredde mei 21.17 meter.
Jan Teade Nauta út Drylts sette in nij persoanlik rekôr del fan 20.73 meter en waard fjirde. Syn stedsgenoat Bobby Zwaagman ljepte ek in nij p.r. mei 20.32 meter en einige as sechsde, achter de nûmer fiif Freark Kramer fan It Heidenskip (20.39 meter).
Thewis Hobma
By de dames wûn krekt as de foarige kear Marrit van der Wal fan It Heidenskip. Sy en har konkurrinte Dymphie Baas-van Rooijen sprongen beiden oer de 17 meter. Van der Wal ljepte 17.29 meter en Baas kaam dêr krekt net oan ta mei har 17.26. Se einige as twadde, foar Wendy Helmes dy't mei 15.44 folge op it tredde plak.

Nederlânske junioaren rekôrs

Reinier Overbeek wûn mei oermacht by de junioaren. Hy ferpulvere twa kear it âlde Nederlânske rekôr fan Erwin Timmerarends dat stie op 20.70 m. Mei twa p.r.'s gie hy as earste junior ea oer de 21 meter. By syn twadde sprong sette hy in ôfstân del fan 21.25 meter en dêr gie hy mei syn tredde sprong nochris oerhinne: 21.38. Hy ljepte dêrmei sels fierder as de nûmer twa by de senioaren Thewis Hobma.
Twadde by de junioaren waard Daniel Cluistra, ek mei in nij p.r. (19.74) en Wietse Nauta einige mei 18.08 as tredde.
Reinier Overbeek
Ek by de jonges en de famkes waarden rekôrs delset. Femke Rispens ljepte mar leafst trije kear in nij p.r. en wûn de wedstriid mei har lêste en fierste sprong fan 15.87 meter. Pytrix Westra út Burgum waard twadde (14.76) en Suzanne Mulder tredde (14.17).
Rutger Haanstra wûn by de jonges (18.22), folge troch Hidde van Dam (17.80, p.r.) op it twadde plak en Guus Hoogland as tredde (17.75).

Noch twa wedstriden

De nasjonale kompetysje fierljeppen bestiet út fjouwer wedstriden, twa yn Hollân (PBH) en twa yn Fryslân (FLB). De tredde wedstriid is woansdei 21 augustus yn Vlist, en sneon is de finale yn It Heidenskip. De duels begjinne om 18.00 oere. De bêste fierljeppers fan beide bûnen kwalifisearje har úteinlik foar it NK yn Zegveld op 31 augustus.