Kaarten foar teäterspektakel Het Hongerproces fleane de doar út

19 aug 2019 - 22:54

De kaarten foar teäterspektakel Het Hongerproces fleane fuort. Foar it stik dat oer trije wiken opfierd wurdt yn Iepenloftteäter De Koele yn Appelskea binne 1500 kaarten beskikber en dêrfan binne der no al sa'n 1300 ferkocht. De organisaasje siket noch nei mooglikheden om ekstra plakken te realisearjen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ekstra foarstellingen sitte der net yn, fertelt Freek Dijkstra fan de Histoaryske Feriening Appelskea dy't it spektakel organisearret yn gearwurking mei toanielgroep 'Vriendenkring'.

Earme feanarbeiders

It ferhaal fan Het Hongerproces spilet him ôf yn de tiid fan Domela Nieuwenhuis en giet oer in romrofte rjochtsaak fan trije earme feanarbeiders út it doe fjoerreade Appelskea. Dochs is it net allinnich it histoaryske ferhaal dat ferbylde wurdt: der spylje ek hjoeddeistige aspekten mei, wat bygelyks blykt as Domela's mobile telefoan ôfgiet.

Troch it ferhaal is boppedat in leafdesaffêre flochten: de ûnmooglike leafde tusken de dochter fan in arbeider en de soan fan in feanbaas.

It spektakel wurdt útfierd op 13, 14 en 15 septimber.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer René Koster seach by in repetysje fan Het Hongerproces

(Advertinsje)
(Advertinsje)