Jong SC Hearrenfean wint mei 2-1 fan Jong FC Emmen

De spilers fan Jong SC Hearrenfean ha moandeitejûn in 2-1 oerwinning op Jong FC Emmen yn de boeken skreaun. De wedstriid waard spile op sportpark Skoatterwâld op it Hearrenfean.
© SC Hearrenfean
Nei 14 minuten spyljen kaam Jong SC Hearrenfean op 1-0 foarsprong troch in goeie foarset fan Jan Ras op Rami Hajal dy't de bal yn it doel fan keeper Matthias Hamrol fan Jong FC Emmen skeat. De Friezen hienen dêrnei in pear fraaie kânsen, mar wisten dy net te fersulveren en sa giene se mei mar in punt foarsprong fierder nei rêst.
Der waard goed begûn oan de twadde helte mei daliks in kâns foar Nemanja Mihajlovic, mar Hamrol slagge deryn de bal út syn doel te hâlden. Yn de 68e minút wist Mihajlovic wol de 2-0 op it skoareboerd te setten. Fan 20 meter ôfstân skeat hy de bal yn de krusing by Emmen.
Flak foar it einsinjaal kaam Jong FC Emmen noch even ferrassend werom mei in goal fan Wouter Marinus, 2-1, en dat wie ek de einstân.
Nije wike komt Jong SC Hearrenfean opnij yn aksje yn de útwedstriid tsjin Jong PEC Zwolle.