GroenLeven en SC Hearrenfean definityf útelkoar

19 aug 2019 - 20:09

Sportclub Hearrenfean is der net yn slagge om GroenLeven opnij oan him te binen as sponsor. Neffens de klup is der de ôfrûne tiid praat oer in nije oerienkomst, mar kin der net foldien wurde oan it winskepakket en de byhearrende betingsten fan GroenLeven. "SC Heerenveen betreurt de uitkomst van de gesprekken", skriuwt de klup op syn webside.

Foto: Orange Pictures

De leveransier fan sinnepanielen wie trije jier lang haadsponsor fan de klup, mar dat kontrakt rûn ein juny ôf. "We willen de club bedanken voor de afgelopen drie jaar als hoofdsponsor en blijven nauw betrokken als fan en als substantiële sponsor", seit it bedriuw dêroer op syn webside. Earder waard bekend dat de ynset wie om GroenLeven sponsor fan de jeugdteams te meitsjen, mar dat is net slagge.

"Ondanks de geleverde inspanningen komt er helaas een einde aan de samenwerking tussen beide partijen", skriuwt de klup. "SC Heerenveen is GroenLeven dankbaar voor datgene wat het Friese bedrijf de afgelopen drie seizoenen als hoofdsponsor voor de club heeft betekend. De club wenst GroenLeven het allerbeste toe voor nu en in de toekomst."

(advertinsje)
(advertinsje)