Briedend fûgeltsje foar it earst yn fjirtich jier yn Fryslân sjoen

Foar it earst yn fjirtich jier is der wer in Cetti's sjonger sjoen yn Fryslân. In Cetti's sjonger is in fûgeltsje, dat yn it reid libbet. Yn de Marswâl by de Tsjûkemar ha fûgelringers in wyfke fan de fûgelsoart fûn. Oan in keal plak op de búk koene se sjen, dat it oan it brieden is.
© Thomas van der Es
De Cetti's sjonger is fan oarsprong in súdlike fûgelsoart. Sûnt de jierren santich briedt er yn de Biesbosch, mar troch in tal strange winters ferdwûnen der in soad. De lêste jierren groeit de populaasje wer en komt er ek hieltiten noardliker foar. De fûgel is neamd nei de Italiaanske ûndersiker Francesco Cetti.
Foar Fryslân is it in bysûndere waarnimming, seit boskwachter Henk-Jan van der Veen. "Het is de eerste keer dat het beestje echt officieel gerapporteerd wordt als een broedvogel."

"Moeilijk zichtbaar"

Wat it uterlik oanbelanget is it fûgeltsje net hiel bysûnder. "Het is een bruin, rossig vogeltje, ongeveer zo groot als een mus. Het is niet een heel opvallend vogeltje qua kleur", leit Van der Veen út. "Het is een heel moeilijk zichtbaar beestje, alleen zijn geluid hoor je."
Lanlik binne der neffens de boskwachter sa'n tûzen briedpearkes. Dy binne meastal te finen by de grutte rivieren yn Nederlân, sa as de IJssel, Waal en Rijn en yn de Biesbosch. Dat it bistje no yn Fryslân sjoen is, is in "toevalstreffer", seit Van der Veen.
Boskwachter Henk-Jan van der Veen oer it fûgeltsje Cetti's sjonger