Frou rekket yn Ljouwerter grêft troch klap fan autodoar

19 aug 2019 - 18:32

In frou (58) út Ljouwert is moandei op Over de Kelders yn har wenplak yn de grêft rekke, doe't se mei har fyts tsjin in autodoar botste. Dy waard troch de 29-jierrige Harnzer bestjoerder fan de parkearre auto iepen dien doe't de frou him ynhelle.

Foto: Omrop Fryslân

De frou koe troch omstanners út de grêft helle wurde. Se is kontrolearre troch personiel fan in ambulânse. Dy konstatearren dat de frou net ferwûne rekke wie. De plysje hat har fyts út de grêft helle. De twa sille de skea ûnderling regelje. De plysje seit op Twitter tank oan de 'alerte omstanners', dy't de frou út de grêft helle hawwe.

Trefwurden: 
Ljouwert Over de Kelders
(Advertinsje)
(Advertinsje)