Soad belangstelling foar plannen rêdingsaksje Sybrandy's

19 aug 2019 - 18:22

Sa'n hûndert minsken kamen moandeitemiddei ôf op de bekendmakking fan de plannen foar it rêden fan Sybrandy's Speelpark by Aldemardum. Undernimmer Sjerp Jaarsma is al in oantal wiken dwaande mei in rêdingsaksje en liet sjen hoe't it park der út komt te sjen as it ferpleatst wurdt nei syn terrein by de Hege Gerzen. Grutte ôfwêzigen wiene de natuerorganisaasjes, dy't Jaarsma noch oertsjûgje moat fan syn plannen.

It doel fan de middei wie foar Jaarsma om alle belanghawwenden konkreter sjen te litten wat hy dwaan wol mei it park. "In soad minsken tinke dat it park op it strân komt, mar dat is net sa. It komt op in stik gers achter it strân, dêr't ik no wipe-out aktiviteiten ha. Dy ferdwine dan." Jaarsma ûntbleate in grutte plattegrûn, dy't ûntfongen waard mei gejubel fan de oanwêzigen.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Nei de ûntbleating stapte elkenien ek noch even yn in bus, dy't in rûntsje troch Aldemardum en Riis ried. Der waard even stilstien by Hotel Jans, dêr't yn 1926 de alderearste boarterstún fan Gaasterlân delset waard, en by Sybrandy's Speelpark sels. "Dit wie even in trip down memory lane. Sa kin elkenien echt sjen wat it betsjutte sil as dit ferdwynt", fertelt Jaarsma.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Jaarsma hope ek op de oanwêzichheid fan It Fryske Gea en Natuurmonumenten. Dy twa partijen fine it oant no ta gjin goed idee om it hiele park nei de Hege Gerzen te ferhúzjen, om't it in kwetsber gebiet is foar de natuer. Henk de Vries, direkteur fan It Fryske Gea, lit oan Omrop Fryslân witte: "Doe't it strânpaviljoen fan de Hege Gerzen der komme moast, wiene we ek al net hiel bot foar. Uteinlik ha we dat wol trochgean litten, mar no kinne we hjir net samar ek akkoart mei gean."

De Vries giet kommende wike del by Jaarsma om te sjen nei wat der wol mooglik is. Jaarsma: "Ik hie se hjoed hjir ek graach hân. Ik haw it gefoel dat guon minsken tinke dat it in Disneyland Parys of in Walibi is, mar it is mar in hiel lyts parkje."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
(Advertinsje)
(Advertinsje)