Stichting Groene Ster Duurzaam spant dochs rjochtsaak oan tsjin Psy-fi

19 aug 2019 - 18:14

De rjochter bûget him tongersdei oer de fergunning fan festival Psy-fi. Ek al hat it festival oanjûn fuort te gean út Ljouwert, it wjerhâldt de tsjinstanner Stichting Groene Ster Duurzaam der net fan om dochs troch te gean mei prosedearjen. De meidieling komt krekt op it momint dat de opbou fan Psy-fi yn folle gong is.

Der wurdt sjoen oft it festival trochgean mei oant tolve oere of ien oere nachts en oft it folume net te heech is. De gemeente hat in fergunning ôfjûn oant ien oere nachts, mar dat wie ek it gefal by festival Welcome to the Village yn july.

Doe besleat de rjochter dat it festival om tolve oere nachts ophâlde moast mei lûde muzyk. Wiebe Kootstra fan de organisaasje fan Psy-fi lit witte dat se der op taret binne. "De headlines binne oant de ein fan de jûn, dus hjir sille we dan mei skowe moatte. Mar we moatte earst mar ôfwachtsje wat derút komt."

Wiebe Kootstra fan Psy-fi

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Theo van Gelder, foarman fan Stichting Groene Ster Duurzaam, dy't as doel hat om de festivals út it Griene Stjergebiet te krijen, seit twongen te wêzen om in saak oan te spannen. "Vorig jaar heeft de rechter ook al bepaald dat de gemeente het geluid moest inperken met de vergunning van toen, maar toch geven ze dit jaar weer precies dezelfde vergunning af."

Theo van Gelder fan Groene Ster Duurzaam

Het geluid kun je aanpassen, maar de natuur niet.

Theo van Gelder, Stichting Groene Ster Duurzaam

De Stichting komt al mear as fjouwer yn ferset tsjin de festivals. Earst wie it doel om de oerlêst fan de festivals te ferminderjen. Dat hat fertuten dien. By de lêste edysje fan Welcome to the Village is der gjin inkele klacht binnenkommen. Dochs is dit net genôch foar de stichting.

Se rjochtsje harren no mear op de skea op de natuer, foaral natura-2000 gebiet de Grutte Wielen. Hjir wurde de festivals net holden, mar de Stichting seit wol dat de natuer hjir ûnder te lijen hat. "Het geluid kun je aanpassen, maar de natuur niet", aldus Van Gelder. Dêrom sjocht de Stichting als iennichste oplossing dat der better hielendal gjin festivals mear holden wurde yn it Griene Stjergebiet.

Foppe van der Veen wennet neist it Psy-fi festivalterrein

Yn de omjouwing fan de Griene Stjer wenje ek minsken, dy't just bliid binne mei de festivals. Fan it wykein hawwe se de crew fan Psy-fi wolkom hjitten mei in spandoek. "It is in festival dat hiel fier rikt: der komme tûzenen minsken út mear as hûndert lannen. It is in ferriking foar de stêd Ljouwert en it set ús op de kaart. It is skande as dit der daliks net mear is", seit Foppe van der Veen, wurdfierder fan de buertbewenners dy't hielendal neat tsjin hawwe op de festivals.

(advertinsje)
(advertinsje)