Deade en sike einen troch botulisme yn Drachtster fivers

19 aug 2019 - 17:35

De fivers oan de Warande yn Drachten binne besmet mei botulisme. Dêrtroch binne al in soad einen dea fûn. De biste-ambulânse hâldt de situaasje skerp yn de gaten en rydt der alle dagen del.

Ein mei einepykjes - Foto: Shutterstock.com

Einen dy't noch libje, wurde út it wetter fiske en nei De Fûgelhelling yn Oerterp brocht. Dêr wurde se fersoarge en der wer boppe-op holpen. Hetty Sinnema fan de Fûgelhelling: "Op dit stuit ha we njoggen yn de fersoarging en der is ek in achttal deagong. Der binne sa'n fyftjin einen by ús brocht en noch in reidhintsje."

Botulisme komt meastal foar yn stilsteand wetter en troch baktearjes krije de fûgels ferlammingingsferskynsels. "Moatst dy foarstelle dat dat mei de wjukjes begjint, dan mei de poatsjes en úteinlik de nekke. Dan krijst dat se yn it wetter lizze en der net mear út komme kinne en úteinlik fersûpe", seit Sinnema.

Skite

By De Fûgelhelling wurde de bistjes spield mei wetter en dêrnei yn in iisbad dien, sadat se fan skrik skite. Sinnema: "Dizze baktearje libbet graach yn de terms fan de einen en dy moatte se sa hurd mooglik derút skite. Dat duorret ûngefear 48 oeren." As de einen har wer goed fiele, wurde se sa gau mooglik wer loslitten.

Neffens Sinnema is der op it stuit allinnich yn Drachten sprake fan botulisme.

Hetty Sinnema fan De Fûgelhelling

(Advertinsje)
(Advertinsje)