Gloednije lêsmetoade yn gebrûk

05 jul 2012 - 16:48

De Van Kleffensskoalle op It Hearrenfean sil tenei gebrûk meitsje fan de nije learmetoaden Slipr en Sleeplêzen. It is dêrmei de earste skoalle dy't de metoaden breed ynsette sil. By it sleeplêzen lêst de learling tegearre mei de dosint in tekst, wylst dizze op in konstant tempo oanwiisd wurdt mei in potlead.

Mei Slipr wurdt dit klassikaal dien op in digitaal skoalboerd. Ut ûndersyk fan de Ryksuniversiteit docht bliken dat bern mei de sleeplêsmetoade op guon flakken mear leare as mei de âlde lêstechniken.

Trefwurden: 
lêsmetoade sleeplêzen
(advertinsje)