SC Cambuur hopet op middenfjilder fan Manchester City

19 aug 2019 - 16:34

SC Cambuur wol Claudio Gomes hiere fan Manchester City. It is in 19-jierrige middenfjilder, dy't ek jeugdynternasjonal is fan Frankryk. Njonken Gomes hoopje de Ljouwerters harsels ek te fersterkjen mei Crysencio Summerville, oanfaller fan Feyenoord.

Foto: Omrop Fryslân

Wat Gomes oanbelanget sit Cambuur yn de wachtkeamer. Der is noch mear belangstelling foar him en Gomes moat noch yn petear mei dy oare klups. In delegaasje fan de Ljouwerters hat al wol mei de Frânske middenfjilder sprutsen.

Njonken in 'nûmer 6' siket Cambuur ek noch in bûtenspiler. Dêrfoar is Summerville fan Feyenoord yn byld. Neffens Foeke Booy, technysk manager fan Cambuur, leit de bal op dat mêd by Feyenoord. De 17-jierrige Summerville wol graach nei Cambuur ta, allinne moatte de klups der noch útkomme. Ek by him giet it om in hierdeal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)