Fryslân Fêstlein: Gasbrân en Fryske taalkursus op sylkamp

19 aug 2019 - 16:16

"Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân." Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's. Dizze kear binne wy op besite by Nicky van der Meulen en Ankie de Boer, dy't in need-yntroduksjekamp yn Fryslân belibben.

Sylkamp

Nicky en Ankie sitte op de sportoplieding CALO in Swol. "We hawwe elk jier in kamp as yntroduksje," seit Nicky entûsjast. "De learlingen kinne dan kieze tusken allegearre aktiviteiten en wy woene graach op sylkamp."

Dat sylkamp giet nammentlik troch ferskaten plakken yn Fryslân. "Wy binne sels Friezen en fûnen it wol noflik om de Hollanners wat kultuer by te bringen," knypeaget Nicky.

Wy binne sels Friezen en fûnen it wol noflik om de Hollanners wat kultuer by te bringen.

Nicky van der Meulen

Pak op jong

"Wy ha se in protte kultuer bybrocht," follet Ankie har freondinne oan. "Wy wiene op in momint wat mei inoar oan it praten en doe sei ik 'pak op jong'," begjint sy laitsjend har anekdoate. "Doe seagen alle net-Fryske minsken my oan as se wat oppakke moasten. Der bûge sels ientsje foaroer om te sjen oft er wat oppakke koe." "Mar wy ha se net alles bybringe hoegd," seit Nicky. "De Hollanners hiene it wurd 'tsjoch' al leard, dus dat wie ideaal. Dat waard doe ek wol echt it wurdsje fan it kamp."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Gasflesse

Mar wa't tinkt dat it by taalkursussen bleau, hat it mis. "We ha sa'n protte belibbe," seit Ankie. "It moaiste op kamp wie dat ik yn Sleat by fersin de gasflesse yn 'e brân sette. We moasten elke jûn itensiede foar ús eigen groepke. Elke groep hie sa'n eigen gasfleske, krekt as fan 'e camping. Ast dy iependraaist, moat er sels oangean, mar ik die wat net goed en doe stie dat ding yn 'e brân."

Nicky en Ankie oer harren sylkamp

Lieding net ûnder de yndruk

De lieding sels wie net echt fan slach. "Ik draafde der fluch hinne," seit Nicky, wylst sy mei har earms swaait. "Mar sy fûnen it net sa bysûnder hie ik it idee. Ien fan de dosinten sei dat wy it mar útbrâne litte moasten en dat er neat oan 'e hân wie. Dat ha wy doe ek mar dien en it loste sa rêstich oan wer op."

'Fryslân Fêstlein'

Hawwe jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)