Sportcast: "Hearrenfean miste passy, beleving en dissipline"

19 aug 2019 - 16:11

In hearlike freedtejûn foar SC Cambuur en in weardeleaze sneontejûn foar sportklup Hearrenfean. Dat wie de konklúzje fan dit wykein. Mar wat gong der sa goed by de Ljouwerters en wat gong der mis by Hearrenfean? Ferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer prate der oer mei presintator Jantine Weidenaar.

Foto: Omrop Fryslân

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Sportcast diel 4

De ferslachjouwers binne lyrysk oer Cambuur. Arjen de Boer: "Der hearske in hiele moaie sfear yn it stadion. Spandoeken foar Henk en Sandor, dy't wer werom binne. En dan in eklatante 5-0 oerwinning op de Eagles. Der wiene guon (Andor Faber), dy't tochten dat Cambuur nei trije wedstriden nul punten hawwe soe." Andor Faber: "Haha, dat kloppet. We hiene tink ik mei ús allen ek wol wat mear ferwachte fan Go Ahead Eagles. En Van Iperen meie we ek wol tankber wêze." De spiler fan de Eagles krige twa kear giel en dus read."

Foto: Omrop Fryslân

Der miste passy, beleving en dissipline.

Roelof de Vries, oer sc Hearrenfean

Oer Hearrenfean binne de ferslachjouwers it reedlik iens. Alhoewol. "Der miste passy en beleving," seit Roelof de Vries. Dêr is Arjen de Boer it net mei iens: "Hoesa? Wat hat dat no mei passy te meitsjen? De romtes leine gewoan te fier útelkoar." "Is ek sa," seit De Vries, "mar dat hat mei dissipline te meitsjen. En mei passy. De yntinsiteit wie te leech. De linys leine te fier útelkoar, in soad balferlies en der waarden tefolle duels ferlern."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast jo eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar. Alle Sportcasts beharkje? Klik hjir.

(Advertinsje)
(Advertinsje)