Alisa Stekelenburg fan IFKS-frouljusskûtsje: "It wie in prachtige ûnderfining, mar no wol ik mei myn hûs dwaande"

It frouljusskûtsje Gerrit Ynze fan de Galamadammen fan Team Oant Moarn hâldt der nei fjouwer jier mei op. Dit jier waard it skûtsje yn de C-klasse tolfde yn it einklassemint. "We soenen dit foar fiif jier dwaan, mar it kostet in soad tiid en ik wol ek graach mei myn hûske oan de gong. Mar we hawwe seker in prachttiid hân", seit skipper Alisa Stekelenburg.
De froulju op it skûtsje de Gerrit Ynze © Team Oant Moarn

Wêrom hâlde jim der mei op?

"We soenen dit projekt foar fiif jier dwaan, mar it kostet in soad tiid. Ik haw in hûske dêr't ik mei oan de gong wol. Dat it tiid kostet jout op himsels neat, want it jout ek enerzjy, mar je wolle ek wol wer ris wat oars. It idee wie dat we sjen woenen hoefier't we komme soenen mei allinnich froulju. Ik hearde letter wol dat der wolris earder in frouljusskûtsje west hat, en op oare skûtsjes sitte fansels ek wol froulju, mar net in skûtsje mei allinich mei froulju."

En hoefier binne jim kaam?

"Dit jier binne we as tolfde einige fan fyftjin skûtsjes. We hienen dit jier net sa'n soad ferwachtings, mar der sieten wol in hiel soad rappe skûtjses by en der binne ek nije bykaam, dy fan skipper Harmen Brouwer en Steven Zijsling bygelyks. Us eigen skûtsje hat gewoan net safolle wyn nedich. As it net sa hurd waait, dan dogge wy wol gewoan mei. Foarich jier waarden we fiifde en dat fielde as wienen we kampioen wurden. Ik fûn wol dat wy hiel goed yn de hannelingen sieten, mar it komt der wol op del dat we mear traine moatte. Dy A-klasse giet mei foltúch mei wynkrêft 6 de mar op, dat slagget út net."

Dan misse jim dochs dy manlike spierkrêft?

"Ja, dat tink ik dochs wol. Al soenen je mei mear traine ek sterker útkomme kinne."

Is it in idee om in spesjale kompetysje foar froulju te organisearjen?

"Ja, dat soe kinne, ja."

Soest sa'n projekt no wer oppakke?

"Nee, dat tink ik net. Ik soe it net wer oangean. It wie wol geweldich en ik haw ek in hiel soad leard en mei allinnich froulju, dat komt ek echt wol goed. As ik wer meidoch, dan dochs mei in mingde ploech. "

Sjogge wy Alisa Stekelenburg wer as skipper op de IFKS?

"Poeh, dat wit ik noch net. Ik wol earst thús oan de gong, dus dat kin ik no noch net sizze. Mar ik sis noait noait, want it skûtsjesilen is fantastysk leuk."
Alisa Stekelenburg