Sylster Marit Bouwmeester sakket yn klassemint yn Japan

19 aug 2019 - 14:31

Sylster Marit Bouwmeester út Warten moat noch wenne oan de omstannichheden by it olympysk testevenemint yn Japan. Yn de baai fan Enoshima kaam se yn har earste races net fierder as in 31ste en in 17de plak.

Marit Bouwmeester (argyf) - Foto: Topzeilen Watersportverbond

De olympysk kampioene yn de Laser Radial wûn har tredde en lêste race fan de dei wol. Yn it algemien klassemint sakke de Friezinnne fan it twadde nei it fiifde plak.

"Dit wie as je nei myn resultaten sjogge net de bêste dei, it wie hiel lestich. Ik hie wol twa wedstriden nedich om te witten te kommen hoe't de wyn waaide. Mar we ha in soad leard, en dêr giet it hjir úteinlik om", neffens Bouwmeester.

De wedstriden duorje noch oant en mei 22 augustus.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester silen Japan
(Advertinsje)
(Advertinsje)