Reigersbrêge mei dochs ticht foar fytsers, seit Raad van State

19 aug 2019 - 14:15

De gemeente Noardeast-Fryslân mei de Reigersbrêge oer de Suderie yn Dokkum nei't er ferhege is dochs ôfslute foar fytsers. Dat hat de Raad van State moandei yn heger berop besletten.

Foto: Google Street View

Earder noch bepaalde de rjochtbank dat der gjin fytsferbod op de nije brêge komme mocht. De Reigersbrêge is de lêste brêge dy't op 2,5 meter hichte brocht wurdt om de Suderie befarber te meitsjen foar motorboatsjes.

De gemeente fynt dat de brêge aanst te steil wurdt foar fytsers, en dêrom net mear feilich is by it nei ûnderen gean.

It Fytsersbûn fersette him tsjin it fytsferbod, mar de Raad van State hat it ferset tsjin de ferkearsmaatregel dus ôfwiisd.

Iennichste oplossing

Wethâlder Theo Berends seit yn in reaksje begryp te hawwen foar de omwenners mar dat dit de iennichste oplossing is. "Als we de brug lager zouden uitvoeren, past dat niet bij de andere bruggen die wel hoger zijn. Bovendien is het veel duurder."

Wethâlder Theo Berends fan de gemeente Noardeast-Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)